UPDATE: Sherida Spitse yn de basis by krúsjale wedstryd

09 mrt 2016 - 18:13

Middenfjilder Sherida Spitse fan Snits start woansdeijûn yn de basis by de kwalifikaasjewedstryd fan de Oranjefroulju tsjin Sweden. De ôfrûne wedstryd wie se der net by. Se rekke sneon blessearre. Keepster Loes Geurts fan Hichtum begjint op de bank. Se komt ek werom fan in blessuere.

It Oranje frouljusfuotbalteam moat mei grutte sifers winne fan Sweden om noch kâns te meitsjen op de Olympyske Spelen yn Rio. Se spylje yn Rotterdam de lêste wedstriid yn it kwalifikaasjetoernoai.

De Oranjefroulju sitte yn de pûl mei de nasjonale alvetallen fan Sweden, Switserlân en Noarwegen. Fan Switserlân ha se wûn, mar fan Noarwegen ha se dik ferlern.

Sweden stiet boppe-oan mei seis punten út twa wedstriden. Oranje en Noarwegen hawwe beide trije punten. Nederlân moat dus winne fan Sweden om noch in kâns te meitsjen op de Olympyske Spelen. 

By in gelyk einigjen fan twa ploegen is it ûnderlinge resultaat bepalend. As Noarwegen ferliest fan Switserlân hat Oranje genôch oan de winst tsjin Sweden, mar as Noarwegen wint fan Switserlân, dan moat Oranje woansdeijûn mei fiif goals ferskil winne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)