Auto yn 'e brân yn loads Noardwâlde

08 mrt 2016 - 22:34

Yn in loads oan de Mûnestrjitte yn Noardwâlde is tiisdeitejûn om sawat kertier foar sânen brân útbrutsen. Ferskate brânwachtkorpsen waarden dêrfoar oproppen. Doe't se de loads iepen diene, die bliken dat in brânende auto yn de loads foar in soad reek soarge.

De brânwacht hat de brân dwêst en de loads goed trochluchte yn ferbân mei alle reek.

Trefwurden: 
brân Noardwâlde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)