Den Bosch spilet Aris út de beker

08 mrt 2016 - 22:11

De Ljouwerter basketballers fan Aris hawwe tiisdei ek de twadde heale finale fan de beker fan Den Bosch ferlern. It waard 88-62 foar thúsploech Den Bosch. Aris wûn it earste kwart mei 17-15, mar gie mei in efterstân de rêst yn (42-34). Doe't yn it tredde kwart it ferskil noch grutter waard, krigen ek de Ljouwerter bankspilers spylminuten. 

Den Bosch hat de Ljouwerters dan wol út de beker set, Aris komt sneon foar de kompetysje wer út tsjin datselde Den Bosch. Dy wedstriid is yn sporthal It Kealledykje yn Ljouwert.

De earste heale finale om de lanlike beker waard mids febrewaris yn Ljouwert spile. Ek doe wie Den Bosch de sterkste mei 72-55.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)