Boeten by frachtweinkontrôle by Drachten

08 mrt 2016 - 21:33

De plysje hat tiisdei by Drachten in grutte frachtweinkontrôle hâlden. Njoggen sjauffeurs krigen in proses-ferbaal omdat harren wein te swier beladen wie, twa foar glêde bannen en trije foar in te los sittende lading dy't derôf falle kinne soe.

Oaren hiene in te lange lading, of harren tachograaf of papieren wiene net yn oarder. Ien bestjoerder krige foar de fyfde kear proses-ferbaal foar riden sûnder jildich rydbewiis. Syn auto is yn beslach naam. Fierders dielde de plysje noch in tal warskôgings út.

Trefwurden: 
kontrôle Drachten frachtwein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)