FIDEO: Geertje is faak siik nei yninting HPV-faksin

08 mrt 2016 - 20:53

Hast fjouwertûzen Fryske famkes fan 13 jier kinne harren fan woansdei ôf ynintsje litte tsjin HPV, it firus dat liifmoerhalskanker ('baarmoederhalskanker') feroarsaakje kin. Fan begjin ôf oan is der diskusje oer it faksin, benammen oer de bywurkings dy't it hawwe kinne soe. Geertje Leegstra is yn de studio. Sy hat hast njoggen jier lyn ek sa'n prik hân en hat dêrnei faak siik west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)