Skylger Wiegman krijt fergunning foar opfang seehûnen

De seehûne-opfang op Skylge kriget in tydlike fergunning fan it ryk. Dat is tiisdei bekend wurden. Eigener Hessel Wiegman is tige wiis mei de fergunning. ''Ik was tijdelijk gestopt met opvangen omdat het echt niet mocht. Nu kan ik eindelijk weer beginnen met opvangen. Ik kan weer naar het strand zonder dat ik zeehonden hoef te laten sterven."
Wiegman naam de seehûnen yllegaal op, omdat neffens him yn Pieterburen te min seehûnen opfongen waarden en se ek te gau wer útset waarden.
Eemsdelta krijt ek fergunning
De seehûne-opfang yn de Eemsdelta kriget ek in tydlike fergunning. Steatssekretaris Martijn van Dam makke de fergunnings tiisdeitemiddei bekend yn in brief oan de Twadde Keamer.
Pieterburen net bliid
Direkteur Nick Kuizenga fan seehûnekresj Pieterburen is minder wiis mei de fergunningen. Neffens him is it in swarte dei foar de seehûnen, om't de steatssekretaris advizen fan natuerorganisaasjes, bistewolwêzensorganisaasjes en belutsen provinsjes en gemeenten yn de wyn slacht.