Aqua Zoo makket him klear foar de komst fan twa iisbearen

09 mrt 2016 - 06:00

It moat de grutte lûker wurde fan bistetún Aqua Zoo yn Ljouwert: de iisbearen. De bou fan it ferbliuw fan de bisten is fan 'e wike úteinset. Foar de simmer moat it klear wêze.

De bistetún gie in jier ferlyn fallyt. Der kaam in nije eigener. Dy hat betrouwen yn 'e takomst en ynvestearret bot. It grutste projekt is de komst fan twa iisbearen. De kosten dêrfan binne in heal miljoen euro. Foar it hâlden fan rôfbisten moat in bistetún in wapenfergunning oanfreegje en moatte fersoargers op sjitkursus. Boppedat moatte de stekken ferhege wurde.

Steltsje

Aqua Zoo krijt twa iisbearen. De bistetún hopet op in steltsje, want se wolle meidwaan oan in fokprogramma. Dêr wurdt by de bou fan it ferbliuw ek rekken mei hâlden. Der binne twa ferbliuwen, ien foar in mantsje en ien foar in wyfke mei in kreamkeamer. It ferbliuw moat yn juny klear wêze, want de iisbearen meie yn july en augustus net ferfierd wurde. Dan is is te waarm.

Dokumintêre op Omrop Fryslân

Omrop Fryslân stjoert fan 27 maart ôf alle sneinen in dokumintêre oer Aqua Zoo út. Dêryn wurdt yn 16 wiken it hiele proses fan de komst fan de iisbearen folge.

Trefwurden: 
Aqua Zoo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)