MCL sil better oerlizze oer pasjinten mei blaaskanker

08 mrt 2016 - 17:25

It MCL begjint mei in 'soarchpaad blaaskanker'. De partijen dy't belutsen binne by de soarch foar minsken mei blaaskanker sille better mei-inoar oerlizze. Dat binne sikehûs MCL yn Ljouwert, in ûnderfiningsaakkundige fan de pasjinteferiening 'Leven met blaas- of nierkanker', Pathologie Friesland, it Integrale Kankersintrum Nederlân en oare partijen.

Troch it nije inisjatyf moat ûnder oare de pasjint yn it sikehûs gauwer nei hûs kinne. De berjochtjouwing nei de húsdokter en oare behannelers moat ek better wurde.

De kearn fan de nije wurkwize is dat alle belutsen minsken en ynstânsjes goed oanjouwe wa't wat docht yn hokker faze en hokker punten fan omtinken der binne. It soarchpaad wurdt op 16 maart yntrodusearre mei in sympoasium foar de belutsen profesjonals.

Trefwurden: 
blaaskanker MCL
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)