Iuwenâlde skeletten fûn by Boksum

Nei alle gedachten komt dit skelet fan de Slach by Boksum © Antea Group
Yn Boksum binne by graafwurk by tafal âlde skeletten fûn fan likernôch 1600 nei Kristus. Mooglik giet it om slachtoffers fan de Slach by Boksum op 17 jannewaris 1586. Der is ek ierdewurk, metaal en boumateriaal út nei alle gedachten deselde tiid fûn.
It archeologysk ûndersyk nei de fynsten rint noch. It publyk kin it fynplak en in diel fan de fynsten op in iepen middei op woansdei 9 maart mei eigen eagen besjen.
Graafwurksumheden
De skeletten waarden fûn by it wurk foar de werynrjochting Deinum-Boksum. Dat is ien fan de gebietsontwikkelingsprojekten fan Leeuwarden Vrij-Baan. It gebiet tusken Deinum en Boksum wurd opnij ynrjochte. Der komt in nije doarpsrâne foar Deinum, nije sport- en wenfjilden en in opfeart tusken Deinum en Boksum.