Earste Keamer praat opnij oer de mediawet

Omrop Fryslân Telefyzje © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Earste Keamer praat tiisdeitemiddei fierder oer de nije mediawet. Dat is dan foar de tredde kear. De Keamer moat ûnder oare bepale oft de reorganisaasje fan de regionale omroppen ynkoarten los kin of net. Dy komme te fallen ûnder ien Regionale Publike Omrop, dy't se oanstjoert.
Woansdeitemiddei wurdt der wer debattearre. Nei alle gedachten wurdt der dan nije wike stimd oer de nije wet. De besuniging fan 17 miljoen euro yn it jier op de regionale omroppen is mei in healjier útsteld, omdat de polityk sok lang wurk hat mei de wet.