"Houten boaten hawwe de takomst"

08 mrt 2016 - 12:05

Houten boaten hawwe de takomst. Dat is de oertsjûging fan boatebouwer Roelof van der Werff fan Warkum. Hy sil nije wike op de Hiswa yn Amsterdam de merk op mei syn elektryske, duorsume 'Werffboat 21'.

De mei accoyahout boude sloep (lime mei glêsfezels en epoksy) kin wolris de sloep fan de kommende iuw wurde, hopet Van der Werff. De boatebouwer hat jierren ynvestearre yn it ûntwikkeljen en proeffarren en is no safier dat er de merk feroverje wol. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)