Hearrenfean-spits Te Vrede wachtet mooglike skorsing

© awfoto.nl
Mitchell Te Vrede wurdt mooglik skorst nei oanlieding fan in aksje yn de wedstriid tsjin FC Utrecht. De Hearrenfean-spits rekke mei syn earmtakke it gesicht fan Utrecht-spiler Timo Letschert, dy't dêrnei mei in flink aai ûnder it each fan it fjild moast.
It ynsidint is foarlein oan de oankleier betelle fuotbal, dy't der foar kieze kin om in ûndersyk te starten en alle partijen te hearren.
It soe dit seizoen de twadde kear wêze dat Te Vrede skorst wurdt nei oanlieding fan in ûndersyk nei in oertrêding fan him. Earder al krige hy in skorsing nei de wedstriid tsjin Heracles dêr't hy yn in duel mei Ramon Zomer in slaande beweging makke.