Learlingen De Súdwester komme yn de kunde mei it keatsen

08 mrt 2016 - 07:53

Learlingen fan de groepen 5 oant en mei 8 fan SBO De Súdwester yn Snits dogge tiisdei mei oan in clinic muorrekeatsen. De les makket ûnderdiel út fan it projekt Fryske sport yn dyn klasse, in inisjatyf fan Sport Fryslân en ferskate sportbûnen en ûnderwiisynstellings.

Dat hat as doel bern yn de kunde te bringen mei Fryske sporten wêrûnder it keatsen. Skoallen kinne har ek oanmelde foar lessen fierljeppen, skûtsjesilen, damjen Frysk spul, reedriden en hynstesport.

Sûnt de start fan projekt yn septimber 2015 hawwe har al sechstich skoallen oanmelden foar in clinic. Dat betsjut dat sa'n 3000 skoalbern yn de kunde brocht binne mei in Fryske sport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)