Jong Hearrenfean wint yn Almelo fan Jong Heracles

07 mrt 2016 - 20:43

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de wedstriid tsjin Jong Heracles mei 2-0 wûn. Yn Almelo sette Luka Zahovic de Feansters yn de 29e minút mei in moaie yndividuele aksje op foarsprong. Jong Hearrenfean, mei ûnder oare Bijker, Slagveer, Van den Boomen, Namli en Veerman yn de basis, wie de bettere ploech mar wie net sekuer yn de ôfwurking. Yn de 76e minút makke Henk Veerman dien wurk mei de twadde goal foar it team fan trainer Johnny Jansen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)