Ynslûper út Ljouwert bedriget stedsgenoat (72) mei in mes

In 72-jierige ynwenner fan Ljouwert is moandei bedrige mei in mes. De ynwenner frege oan de 38-jierige fertochte wat er yn de berging fan in appartemintekompleks oan de Bleekhôf moast. De fertochte waard doe lilk, luts de bewenner de bril fan de holle en liet in mes sjen. Dêrnei naaide er út op 'e fyts.
In plysje is op 'e fyts efter de man oan gien. De man waard klemriden en mei help fan in tafallich foarbykommende motorrider fan de maresjesee oanhâlden. De messelûker hie it mes yn 'e broeksbûse.