Programma om bern op sûn gewicht te krijen slacht oan

07 mrt 2016 - 17:37

It saneamde LEFF-programma om bern op in sûn gewicht te krijgen, slacht oan. Yn Smellingerlân is moandei de fjirde groep begûn ûnder it biedwurd 'lifestyle, energy, fun & friends'. De earste groep begûn yn 2014 en de resultaten binne posityf: bern groeie wol yn de lingte, mar net yn gewicht.

LEFF is bedoeld foar bern fan 7 oan 13 jier dy't te swier binne. It programma rjochtet him net allinnich op bern, mar ek op heiten en memmen. Sy meitsje ommers út hokker ôfspraken thús jilde oer iten, drinken, snobjen en bewegen.

Doel fan it programma is úteinlik in feroaring yn it hâlden en dragen te berikken. Dêrfoar wurdt ûnder mear wurke mei in itens- en beweechcoach. LEFF is in lanlik programma. Yn Fryslân docht foarearst allinnich de gemeente Smellingerlân mei.

Trefwurden: 
Leff sûnens bern
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)