Minder wylde einen troch medisinen yn it wetter?

07 mrt 2016 - 16:21

Hoe kin it dat der hieltyd minder wylde einen binne? Dat is in fraach dêr't fûgelûndersyksburo Sovon en natuerklup It Fryske Gea in antwurd op hawwe wolle. De einepopulaasje is de ôfrûne jierren bot ôfnaam. Dêr wurdt no in grut ûndersyk nei dien.

Tom Jager fan It Fryske Gea tinkt dat de ôfname foar in part leit oan de feroarings yn it lânskip en yn it wetter dêr't de einen yn swimme. Dêr soene resten yn sitte kinne fan medisinen dy't net goed binne foar de bisten. Mar dêr binne gjin bewizen foar.

"Mear ynwenners, minder romte foar einen"

It is goed te sjen dat yn Fryslân net safolle wylde einen mear binne, seit Jager. Opmerklik is dat dat yn oare Europeeske lannen net it gefal is. ''Yn ús lân wenje in hiel soad minsken, folle mear as yn Dútslân of Frankryk. De einen hawwe hjir minder libbensromte. Dat kin der wolris mei te krijen hawwe'', seit Jager.

Trefwurden: 
wylde ein it Fryske Gea SOVON
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)