Joey van den Berg mei trije wedstriden net meispylje

Joey van den Berg © awfoto.nl
Sportklup Hearrenfean moat it trije wedstriden sûnder middenfjilder Joey van den Berg dwaan. Hy waard tsjin FC Utrecht fan it fjild stjoerd nei in stevige oertrêding op Sébastien Haller. De KNVB skorste Van den Berg foar twa wedstriden. Mar omdat er noch in wedstriid 'ûnder betingst' te stean hie, betsjut dat dat er trije wedstriden oan de kant sitte moat. De skorsing ûnder betingst wie fanwegen in reade kaart yn de wedstriid fan mids jannewaris tsjin PEC Zwolle.
Van den Berg mist no de duels tsjin PSV, Heracles Almelo en Roda JC.