Earste Keamer praat foar tredde kear oer de mediawet

07 mrt 2016 - 13:30

De Earste Keamer praat tiisdei of nije wike wér in kear oer de nije Mediawet. In oantal partijen hat om in tredde termyn frege en it is gebrûk dat dat dan bart. De Keamer prate in moanne lyn en ferline wike ek al oer de nije wet fan steatssiktaris Dekker, mar der is in soad krityk.

De steatssiktaris wol de wet wol foar in part oanpasse, mar dan moat er opnij troch beide Keamers. Dekker wol dat de Earste Keamer no dochs akkoart giet mei de hiele wet, sadat de reorganisaasje bij de regionale omroppen alfêst syn beslach krije kin.

Mar guon fraksjes yn de Keamer fine dat soks net kin. Steatsrjochtsaakkundigen sizze dat de gong fan saken mooglik yn striid is mei de grûnwet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)