Kollum: "Memmen Meloenen Melange"

07 mrt 2016 - 09:40

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

Witte jo wat in Mama Appelsapke is? Foar wa’t it net wit: dat is in Nederlânsk sintsje yn in oarstalich ferske. Jierrenlyn binne de 3FM dj’s Timur en Ramon hjir mei begûn en noch altyd rint it as in tiet. It idee is datst in ferrassend Nederlânsk sintsje hearst yn in ferske, sûnder dat dit de bedoeling is. Harkers kinne harren taalfûnst maile, en Timur en Ramon litte it ferske dan hearre.

Om der efkes yn te kommen ha’k wat moaie foarbylden opsocht fan Mama Appelsapkes. Wy begjinne mei de absolute kening Appelsap: it ferske Alane fan Wes. Dêr is gjin klap fan te ferstean fansels. Mar lústerje noch in kear en dan nei de Mama Appelsapkes. Dat begjint fuort al; want neffens de harkers fan 3FM sjongt Wes: ‘Zomer in Zaandam. Mimi tis zomer. Ik ga met Sander naar Mimi toe.’ De bêste tip fan de moandei: sykje op Google foar de grap ris op ‘Mama Appelsap Wes’ en krigest de prachtichste Mama Appelsapkes, want it ferske sit der fol mei.

Noch sa’n moai foarbyld is dy yn Man at work mei it nûmer Down Under. Der binne harkers dy’t der in hiel bysûnder Mama Appelsapke útfiskje. ‘Ik zat alleen in een vuile kameel’. Raar sintsje, mar hy skynt it echt te sjongen. ‘Ik zat alleen in een vuile kameel’.

Mar no komt it moaiste, want der binne ek Fryske Mama Appelsapkes. Sa sjongt de Spaanske sjonger Juanes yn syn ferskes La Camisa Negra in stikje yn it Frysk. Wat er seit? ‘Moast mar hearre’. En ek ús eigen Piet Paulusma wurdt sitearre yn in Mama Appelsapke. Yn it ferske Just Breathe fan Pearl Jam sit syn meast bekende útspraak. ‘Oant Moarn’.

De absolute Fryske klapper is toch wol it ferske fan Nicky Jam en Enrique Iglesias mei El Perdón. Beide hunks sjonge fansels oer moaie froulju, mar op in bepaald stuit wol sa’n famke ek wer nei hûs ta. En dat besjonge Enrique en Nicky dan yn it Frysk. Nicky sjongt ‘En se wol nei hûs taaaa.

En se wol nei hûs taaahaaaa!’ No ha ik sels ek myn bêst dien om in Frysk Mama Appelsapke te finen. En dat is noch best pittich. Mar ik ha der ien fûn. Ik ha nammentlik myn eigen Fryske doarpke Aldegea werom fûn yn it ferske Best I Ever Had fan Gavin Degraw. In nûmer oer alle Amerikaanske steaten: fan Oklahoma oant Minnesota.

As alderearste komt myn moaie Aldegea. Op syn Ingelsk útsprutsen fansels, dus as OADUGUUH. Sa sei ik it eartiids ek altyd as ik mysels yn de Ingelske les foarstelle moast. “Hi, my name is Nynke and I live in OADUGUUH.”

Mar no de wichtichste fraach: hoe sille wy in Frysk Mama Appelsapke neame? Der moat fansels in nije namme foar komme. Krekt wat oars as Mama Appelsap, mar it moat wol lekker bekke. Ik sit sels te tinken oan Memmen Meloenen Melange. Mar as der in harker is dy’t in better foarstel hat, ik hear it graach!

Mail jo suggestje nei ff@omropfryslan.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)