UPDATE Bus rekket fan de dyk op de A7 by Terwispel

In bus is moandeitemoarn fan de dyk rekke op de A7 by Terwispel. Nei alle gedachten is de sjauffeur net goed wurden. Yn de bus sieten sa'n tsien passazjiers. Dy binne net ferwûne rekke.
De sjauffeur is per ambulânse nei it sikehûs brocht. De bus wurdt yn de rin fan de moarn út de berm lutsen. De passazjiers binne mei in oare bus fierder brocht.