Dokkumer rydt mei mear as 100 km/oere troch sintrum stêd

© Omrop Fryslân
In 21-jierrige Dokkumer moast sneintejûn syn rydbewiis ynleverje. Wylst de plysje in oare bestjoerder oan de kant setten hie, ried de Dokkumer mei hege snelheid by de kontrôle del. De plysjes seagen de Dokkumer letter yn it sintrum riden, op 'e nij mei hege snelheid. Doe't de plysjes de man oanhâlde woene, naaide hy út.
By de efterfolging ried de man mei mear as 100 kilometer troch it sintrum. Doe't de plysje him úteinlik oan de kant setten hie, koe de man syn rydbewiis ynleverje fanwegen syn gefaarlike rydgedrach.
Hy moat ek in kursus oer feilich riden folgje.