''Ferskraling Fryske lânskip driget troch belied''

It Fryske lânskip driget fierder te ferskraaljen troch de wize wêrop it Ryk besiket it oantal kij werom te bringen. Dêr is direkteur Hans van der Werf fan de Fryske Miljeu Federaasje benaud foar. Hy ferwachtet dat foaral grutte, kapitaalkrêftige boeren fierder groeie sille troch it nije systeem wêrby't de groei fan in melkfeehâlderij bûn is oan saneamde fosfaatrjochten.
Yn dy rjochten kin hannele wurde. De yngreep fan steatssekretaris Van Dam, is der kaam omdat it oantal kij nei it ôfskaffen fan it molkekwotum bot tanommen is.
Mear as tastien
De Nederlânske boeren produsearje dêrom mear fosfaat as tastien is. De hannel yn fosfaatrjochten wurket neffens Van der Werf aanst de skaalfergrutting yn 'e hân en dat hat wer gefolgen foar it lânskip.
''Gjin skuld yndividuele boer''
Yndividuele boeren kinne je soks net ferwite, fynt Van der Werf. Want sy sitte fêst oan in systeem dat foaral rjochte is op it produsearjen fan safolle mooglik molke.