Sneue nederlaach foar Cambuur yn De Kuip

SC Cambuur is tsjin in ûnterjochte nederlaach yn De Kuip oanrûn. It stie hiel aardich by de Ljouwerters en Feyenoord krige hast gjin kânsen. Cambuur kaam troch in goal fan Toornstra yn de earste helte wol efter, mar fia Martijn Barto waard it lyk. Cambuur like op wei nei in stunt, mar fia Dirk Kuijt en Eljero Elia waard it bot flattearre 3-1 foar Feyenoord.
Cambuur bliuwt hjirtroch ien-nei-lêste mei 16 punten út 26 wedstriden.
Wedstriid
Nei 36 minuten wiene beide ploegen oaninoar weage, mar makke Jens Toornstra dochs de 1-0. In lange bal waard moai weromlein troch Michiel Kramer, wêrnei't Toornstra ien op ien mei keeper Leonard Nienhuis net faalde. Kramer stie lykwols bûtenspul, mar skiedsrjochter Higler fluite net. Yn de 70ste minút kopte ynfaller Kevin van Veen op de latte, mar yn de rebound frommele Martijn Barto fia Toornstra de bal yn de goal.
Cambuur bliuwt ien-nei-lêste mei 16 punten út 26 wedstriden. Nûmer lêst De Graafschap ferlear sneontejûn yn Zwolle mei 2-1 en bliuwt lêste. Der binne noch acht wedstriden te gean. De nûmers 16 en 17 spylje neikompetysje. De nûmer lêst degradearret.
Stân ûnderyn
15 Willem II 26-25
16 Excelsior 26-22
17 Cambuur 26-16
18 De Graafschap 26-14