Dokkumer skûtsje komt oan yn de stêd

06 mrt 2016 - 18:15

It nije skûtsje fan Dokkum is sneontejûn oankaam yn de stêd. De Jonge Blom sil de kommende dagen yn de buert fan Dokkum lizzen bliuwe. It skûtsje sil dit jier ûnder de namme 'Stêd Dockum' meidwaan yn de C-klasse fan it Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen.

Skipper wurdt Jelmer Bloembergen, dy't foarich jier noch bemanningslid wie op it 'Wâldwiif'.

Trefwurden: 
Dokkum skûtsje Stêd Dockum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)