Sábliková kampioen, Wüst pakt sulver, De Jong brûns

06 mrt 2016 - 17:27

Martina Sábliková is foar de fjirde kear wrâldkampioen allround wurden. Yn Berlyn ried de Tsjechise nei de winst op de 5000 meter. Mei har 6.52.57 (in baanrekôr) yn de rit tsjin konkurrinte Ireen Wüst gong se Wüst foarby yn it klassemint.

Wüst waard mei 7.01.41 twadde op de lêste ôfstân en ek twadde yn de einstân. Foar Antoinette de Jong wie der bûns op de 5000 meter en ek yn it einklassemint. De Jong ried 7.04.04.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)