Knap lykspul Snits Wyt Swart tsjin koprinner HFC

Snits Wyt Swart hat in punt pakt tsjin de koprinner fan de topklasse. Yn Snits waard mei 2-2 lykspile tsjin de Koninklijke HFC út Haarlem. Erolind Derguti makke al rap de earste goal. Nei sân minuten skoarde hy de 1-0. Noch foar rêst waard de stân ferdûbele troch Tjeerd Andringa. Hy kopte de 2-0 binnen. Castien brocht de einstân dochs noch op 2-2 yn de twadde helte.
De ploech bliuwt ien-nei-lêste mei 16 punten út 20 wedstriden. Se rinne wol ien punt út op OJC Rosmalen, dat no trije punten minder hat as Snits.