Gemeente Achtkarspelen siket dielnimmers oan Sinnegreide

Sinnepanielen © Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
De gemeente Achtkarspelen siket partijen dy't meidwaan wolle oan de Sinnegreide. Dit is in sinnepark dat krekt bûten Bûtenpost komme moat. De sinnegreide wurdt tolve bunder en komt njonken bedriuweterrein De Swadde. De stroom dy't mei it sinnepark opwekt wurdt, giet nei netbehearder Liander en kompensearret in part fan it ferbrûk fan ynwenners en bedriuwen.
De gemeente bliuwt eigener fan de grûn, mar siket in partij oan wa't it de greide ferhiere kin. Dizze hierder wurdt ferantwurdlik foar de oanlis en it ûnderhâld fan de sinnepanielen.