Kreaze prolooch Westra yn Parijs-Nice

06 mrt 2016 - 14:51

Hurdfytser Lieuwe Westra is as sechsde einige yn de earste etappe fan Parijs-Nice. Yn de prolooch oer 6,1 kilometer rûn Conflans-Sainte-Honorine einige Westra seis sekonden efter de nûmer ien Michael Matthews. Westra ried in tiid fan sân minuten en 46 sekonden. Dêrmei hold er ferneamde riders as Contador en Thomas efter him. De Nederlânner Tom Dumoulin waard twadde. Hy wie ien sekonde stadiger as Matthews.

De rittekoers einiget snein yn Nice. Yn 2012 belibbe Westra ien fan syn hichtepunten troch de keninginnerit yn Parijs-Nice te winnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)