Sven Kramer bliuwt oan de lieding nei 1500 meter

Sven Kramer en Jan Blokhuijsen © awfoto.nl
Sven Kramer giet ek nei de 1500 meter op it WK yn Berlyn oan de lieding. Kramer ried foar syn dwaan in aardige metryske myl, hy waard tredde yn 1.47.04. De Noar Sverre Lunde Pedersen wûn yn 1.46.24, de Poal Konrad Niedzwiedzki waard twadde yn 1.46.84.
Op de 10 km hat Kramer in foarsprong fan rom fiif sekonden op Pedersen. Jan Blokhuijsen stiet tredde en moat krapoan tsien sekonden goed meitsje op Sven Kramer. Kramer kin foar de achtste kear wrâldkampioen wurde.