Omstanners kinne krekt op de tiid oan 'e kant springe

(stockfoto)
In 21-jierrige man út Sânhuzen (Grinslân) is sneontejûn ynriden op trije minsken yn Haulerwyk. Dy koenen krekt op 'e tiid oan de kant springe. De slachtoffers stienen op strjitte om't wat tsjin it rút fan de wenning fan ien fan harren oan smiten wie. Nei alle gedachten hat de fertochte dat dien. Hy siet yn 'e auto en waard op it ynsidint oansprutsen. Mar hy joech gas en ried op de minsken yn dy't fierderop yn de strjitte stienen.
De fertochte is dêrnei útnaaid en letter thús oanhâlden.
De plysje tinkt dat in langer rinnend konflikt de oanlieding west hat foar de aksje. De man wurdt fertocht fan it besykjen ta deaslach.