Mooglik oanjefte fan rasisme nei 'apelûden'

Fuotbalklup VVOG út Hurderwyk oerwaget oanjefte fan rasisme dwaan te litten by de plysje nei it ynsidint fan sneon by de wedstriid tsjin Harkemase Boys. Dat seit foarsitter Laurens de Kleine.
Fjouwer minuten foar de ein fan de wedstriid soene apelûden makke wêze rjochting VVOG-spiler Pernelly Biya. De skiedsrjochter lei de wedstriid dêrnei in pear minuten stil. De Kleine sprekt fan 'een afschuwelijke gebeurtenis'. Hy hat yntusken kontakt hân mei foarsitter Appie van der Veen fan Harkemase Boys.
Melding by KNVB
De twa hawwe ôfpraat dat der in mienskiplik statement komt fan beide klups, sadat sokke ynsidinten yn de takomst net mear foarkomme, VVOG wol ek in melding dwaan by it fuotbalbûn KNVB. De VVOG-foarsitter fynt dat de supporter dy't de lûden makke hat, foar safier dat mooglik is, de tagong ta de wedstriden ûntsein wurde moat.
Harkemase Boys hat al in yngeand ûndersyk oankundige, oan de hân fan tsjûgen en bylden fan de wedstriid.
Saak komt mooglik foar KNVB-tuchtkommisje
De KNVB makket der ek wurk fan. Dat sei in wurdfierder tsjin Omrop Fryslân. Se sille mei de belutsenen en mei de klups prate. Mooglik komt de saak foar de tuchtkommisje.
Protokol
Der is in protokol foar ditsoarte saken. As der sprake is fan kwetsende sprekkoaren kin de wedstriid stillein wurde. Mar it is in beslut fan de skiedsrjochter en de spyljende klups sels om de wedstriid stil te lizzen. Yn dit gefal giet it mooglik om in ienmansaksje. As der oanjefte dien wurdt fan rasisme, kin inkeld de spiler dat dwaan, want hy is slachtoffer yn de saak, sa seit de KNVB-wurdfierder.
VVOG ûntefreden oer oanpak troch skiedsrjochter
De trainer en de foarsitter fan VVOG binne ûntefreden oer hoe't de skiedsrjochter de saak oanpakt hat. Dat meldt Omroep Gelderland. De skiedsrjochter joech de assistint-trainer in reade kaart omdat dy as earste de saak oankaarte. De assistint gie yn diskusje en de skiedsrjochter wie it dêr net mei iens. VVOG sil de KNVB freegje de reade kaart te skrassen.