Fryske Jildau Broekens wurdt Miss Boerin 2016

06 mrt 2016 - 10:37

Jildau Broekens út De Gordyk is sneontejûn yn Bathmen yn Oerisel útroppen ta Miss Boerin 2016. Dat skriuwt it RTL-nijs snein.

De missferkiezing waard foar de tredde kear hâlden. Tsien jonge froulju diene mei. Sy waarden beoardiele troch in sjuery, mar moasten ek meidwaan oan in agraryske kenniskwis. Jildau is de opfolchster fan Lisa van Heijningen.

(advertinsje)