Te Vrede baalt nei frustrearjende jûn

SC Hearrenfean gie sneon hurd ûnderút tsjin FC Utrecht: 0-4. Mitchell te Vrede mocht foar it earst sûnt seis wedstriden wer ris yn 'e basis úteinsette. Te Vrede krige de foarkar boppe Henk Veerman yn de spits. "Ik heb geen enkele bruikbare bal gehad. Na zes wedstrijden had ik gehoopt mijn kans te pakken. Ik heb gewerkt als een paard, maar al met al is dit een frustrerende avond."
Kollegaspits Henk Veerman mocht yn 'e einfaze noch ynfalle. Hy wie nei ôfrin lulk oer de beslissing fan Foppe de Haan om him bûten de ploech te litten. "Ik snap het niet, als je kijkt naar de statistieken heb ik het goed gedaan. Ik ben boos."
Foppe de Haan wie nei ôfrin teloarsteld. "Nei de reade kaart fan Joey begûnen wy wol better te fuotbaljen, mar wy kreaërre te min. Nei de 0-2 wie it oer." Ek oanfierder Joey van den Berg wie teloarsteld. Van den Berg krige nei in healoere in reade kaart nei in hurde oertreding op Utrechtoanfaller Haller. "Ik vond het een beetje ongelukkig. In een duel kan er van alles gebeuren en ik had niet de intentie hem te raken", sa sei Van den Berg.