SC Hearrenfean hurd ûnderút tsjin FC Utrecht

05 mrt 2016 - 22:44

SC Hearrenfean hat sneon mei romme sifers ferlern fan FC Utrecht. De ploech fan Foppe de Haan gie yn eigen hûs mei 4-0 ûnderút. Yn de earste minuten fan de wedstriid waard Hearrenfean oerrûn. Al nei 6 minuten skoarde FC Utrecht de 1-0. It doelpunt waard makke troch Andreas Ludwig.

Healwei de earste helte krige Hearrenfeanspiler Joey van den Berg in reade kaart. Dochs wurke dit Hearrenfean net tsjin. De Friezen kamen better yn 'e wedstriid en waarden troch in skot fan Larsson op de peal noch gefaarlik.

Twadde helte

Yn it earste part fan de twadde helte barde der net in soad. Beide ploegen hâlden inoar yn it lykwicht en der wiene oan beide kanten lytse kânsen. Letter yn de twadde helte gie it rap. Neidat Ruud Boymans FC Utrecht in kertier foar tiid op 0-2 sette, skoarde hy ek fuortendaliks de 0-3. Flak foar tiid besliste âld-Hearrenfean-spiler Christian Kum it duel troch de 0-4 binnen te koppen.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)