Sherida Spitse blessearre yn warming-up
Oranje spylster Sherida Spitse út Snits spilet sneontejûn net mei yn de Olympyske kwalifikaasjewedstriid tsjin Noarwegen. De fuotbalster rekke by de warming-up blessearre en koe net fierder. Har plak wurdt ynnaam troch Kelly Zeeman. By de wedstriid fan it Nederlânsk frouljusalvetal sit Loes Geurts út Hichtum op de bank.