Wüst op twadde plak, De Jong tredde nei earste WK-dei

It poadium fan it WK © awfoto.nl
Ireen Wüst stiet nei de earste dei fan it WK allround yn Berlyn op it twadde plak. Antoinette de Jong is de nûmer trije. Martina Sábliková, de wrâldkampioene fan 2015, giet oan de lieding. De trije froulju rieden sneon in geweldige 3000 meter. Antoinette de Jong sette as earste 4.02.88 op it boerd, Ireen Wüst gong der mei in baanrekôr fan 3.59.43 dik ûnder. Yn de lêste rit ferbettere Sábliková dy tiid wer en sette 3.58.11 del.
Snein op de 1500 meter moat Wüst 0.03 goedmeitsje op Sábliková. Antoinette de Jong leit 1.85 efter de Tsjechise.