Nieuwboer lid ried van tafersjoch Waddenacademie

De Waadkust by Koehoal © Remco de Vries
Direkteur Gert Nieuwboer fan SNP Natuurreizen is dizze moanne beneamd as nij lid fan de ried fan tafersjoch fan de Waddenacademie. Nieuwboer is ôfstudearre as biolooch yn Wageningen. Hy hat as direkteur fan SNP Natuurreizen ûnderfining mei it kombinearjen fan natuer en duorsum toerisme en wol dat ek brûke foar it Waad. Neffens foarsitter Ed Nijpels fan de ried fan tafersjoch leit der foar de akademy ek in taak yn it fierder ûntwikkeljen fan duorsum toerisme.
De Waddenacademie besiket mei goeie ûndersyksfragen foar it Waadgebiet te kommen en wol mear gearhing yn it ûndersyk oer it Waad. Fierder wurdt der ynset op it dielen fan kennis oer it gebiet mei oerheden, bedriuwslibben en oare organisaasjes.