Sven Kramer njoggende op 500 meter yn Berlyn, Wüst fjirde

Sven Kramer © awfoto.nl
Sven Kramer hat op de 500 meter op it WK yn Berlyn mei 36.54 de njoggende tiid delsetten. Kramer kin foar de achtste kear wrâldkampioen wurde. De 500 meter waard wûn troch de Rus Denis Yuskov yn 35.84. De Noar Havard Bøkko waard twadde yn 36.18, de Poal Konrad Niedzwiedzki tredde yn 36.24.
Japan sloech foar master op by de froulju. Miho Takagi wûn yn 38.93 by de froulju. Oshigiri waard yn 38.95 twadde, Kikuchi yn 39.34 tredde. Ireen Wüst waard yn 39.41 fjirde, Antoinette de Jong einige as fiifde yn 39.44.