KNVB wiist Cambuur op ôfwikend gokgedrach

It fuotbalbûn KNVB hat sneontemoarn SC Cambuur op de hichte steld fan 'ôfwikend gokgedrach' by de wedstriid tsjin FC Twente (3-0) fan 20 febrewaris lêstlyn.
Neffens algemien direkteur Ard de Graaf fan Cambuur betsjut dat dat der mear op de wedstriid ynset is as oars. Hy seit dat er alle meiwurking ferliene sil oan in eventueel ûndersyk. Neffens it KNVB hoecht ôfwikend gokgedrach net te betsjutten dat der sprake is fan manipulaasje.
"Een verklaring kan bijvoorbeeld zijn dat de quoteringen op wedstrijden of op een combinatie van wedstrijden zeer gunstig zijn en dat mensen dit via internet met elkaar delen waardoor het aantal inzetten toeneemt", seit it fuotbalbûn.
"Tegelijkertijd weten we dat een afwijkend gokpatroon een indicatie kan zijn van manipulatie. Om die reden verzamelt de KNVB zoveel mogelijk informatie over deze wedstrijden om na te gaan of er meer signalen zijn die aanleiding kunnen geven tot verdere actie."