Chris Brown sjongt yn útferkocht Club Red yn Ljouwert

05 mrt 2016 - 10:56

De Amerikaanske sjonger Chris Brown hat freedtenacht in koart optreden jûn yn Ljouwert. Brown wie te gast by Club Red oan it Ruterskertier. De jûn wie útferkocht. Fans dy't der net by wêze koene, besochten noch kaarten te krijen fia de sosjale media. Brown krige om trije oere nachts hinne de mikrofoan en brocht in pear nûmers foar it fuotljocht.

Chris Brown skoarde ferline jier syn grutste hit yn Nederlân mei it nûmmer 'Fun'. Hy is ek bekend om syn eardere, bytiden gewelddiedige relaasje mei sjongeres Rihanna.

Trefwurden: 
Chris Brown Club Red
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)