Biskop De Korte fan bisdom Ljouwert-Grins giet nei Den Bosch

04 mrt 2016 - 21:39

Biskop Gerard de Korte wurdt de nije biskop fan Den Bosch. Dat docht bliken út in berjocht dat koarte tiid op de webside fan it bisdom fan Den Bosch stien hat, sa meldt de NOS. De Korte is sûnt 2008  biskop fan it bisdom Ljouwert-Grins. De namme fan De Korte soe eins sneontemoarn pas bekend makke wurde.

Yn de brief op de webside fan it bisdom Den Bosch waard De Korte lokwinske mei syn nije posysje. It bisdom fan Ljouwert-Grins koe it berjocht noch net offisjeel befêstige. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)