Sylster Marit Bouwmeester pakt Europeeske titel

04 mrt 2016 - 18:59

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat by Gran Canaria de Europeeske titel wûn yn de Olympyske klasse Laser Radial. Se waard freed fjirde yn har lêste race. Hjirtroch koe se in sprong meitsje fan it tredde nei it earste plak.

Bouwmeester begûn net al te bêst oan de dei, mei in tolfde en trettjinde plak en it like derop dat brûns it heechst helbere wie. Mar de sylster sloech úteinlik ta yn de lêste race. Josefin Olsson út Sweden waard twadde, Tuula Tenkanen út Finlân tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)