Fertochte út Noardwâlde moat nei Pieter Baan Centrum

04 mrt 2016 - 17:48

In 27-jierrige man út Noardwâlde moat sân wike opnaam wurde yn it Pieter Baan Centrum yn Utrecht. Dat hat de rjochter bepaald. De man wurdt fertocht fan poging ta moard. Hy waard yn juny oppakt neidat er trochdraaid wie en fochten hie mei minsken út de buert.

Twa fan har soe er slim mishannele ha, hy soe se ûnder mear mei in hammer op de holle slein ha. De man woe nei syn oanhâlding net mei in psychiater prate, omdat er benaud wie dat er dan in stimpel krije soe. Hy wol wol nei it Pieter Baan Centrum.

Wannear't de rjochtsaak fierder giet, is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)