Ljouwerter byt plysjefrou yn skonk by arrestaasje

04 mrt 2016 - 15:10

In man út Ljouwert hat freedtemoarn in plysjefrou yn har skonk biten, doe't dy him arrestearje woe. De man waard oanhâlden, omdat er in meiwurkster fan stedstafersjoch en in meiwurker fan de smoargenstsjinst bedrige hie. Dy wiene dwaande mei de kontrôle fan smoargens dy't yllegaal stoart wie by konteners ûnder de grûn.

De fertochte, dy't bot yn 'e war wie, spruts de kontroleurs oan. Doe't er begûn te driigjen, skeakelen se de plysje yn. By de arrestaasje biet de man de plysjefrou. Hy is meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)