Nije ynstallaasjes yn glêstúnbou moatte wetter mear suverje

04 mrt 2016 - 13:03

Glêstúnbou kin daliks oant wol de helte goedkeaper wetter suverje. Yn Ljouwert wurdt op it stuit in nije wettersuveringsynstallaasje betocht. De glêstúnbou moat fan 2018 ôf oan strangere regels foldwaan. It wetter moat dan oant 95 persint frij makke wurde fan gemikaliën. Der binne al ynstallaasjes, mar it kin neffens de ûntwikkelers goedkeaper.

It giet om in gearwurking tusken ûnder oare LTO Noard , gemeente Menameradiel en it Wetterskip.

De provinsje stipet dit ûndersyk, dat plakfynt yn it wetterapplikaasjesintrum njonken it Van Hall ynstitút. As de testen posityf binne, dan wurdt it apparaat ein dit jier yntrodusearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)