Sportklups yn Achtkarspelen dogge tenei sels it ûnderhâld

04 mrt 2016 - 12:48

De gemeente Achtkarspelen set in tal sportferienings oan it wurk. Dizze ferienings moatte tenei sels it ûnderhâld dwaan rûnom de sportfjilden. Yn in tal oare Fryske gemeenten giet dit al jierren sa, mar yn Achtkarspelen noch net. Sa moatte de klups sels in soad putsjes dwaan lykas it gers meane en blêden opromje.

It giet earst om in proef fan in jier. Foarearst dogge fjouwer doarpen mei: Boelensloane, Bûtenpost, De Harkema en Koatstertille.

Fuotbalferiening Bûtenpost fynt it net slim om sels it ûnderhâld te dwaan, mar twivelet wol oft de frijwilligers dy ferplichting altyd folhâlde kinne.

Nei in jier wurdt sjoen oft de gemeente it foar alle sportklups ynfiere wol. De gemeente besparret sa in soad jild dat se dan wer brûke kinne foar renovaasje fan de sportfjilden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)