Te Vrede krijt de foarkar boppe Veerman

Mitchell te Vrede begjint sneon yn 'e basis yn de thúswedstriid tsjin FC Utrecht. Te Vrede krijt fan Foppe de Haan de foarkar boppe Henk Veerman. De Haan: "Henk hat syn kâns hân, mar hat 'm net pakt." Fierder sil De Haan gjin wizigings trochfiere. Kenneth Otigba en Luciano Slagveer binne hersteld fan blessueres, mar sille op de bank plaknimme. FC Utrecht stiet fiifde en hat mar fiif punten mear as SC Hearrenfean dat op it alfde plak stiet.