Ljouwerter moat lûdsapperatuer ynleverje fanwegen oerlêst

04 mrt 2016 - 10:46
Muzykboksen - Foto: ANP

De plysje hat tongersdeitejûn yn de Doniastrjitte yn Ljouwert fanwege slimme lûdsoerlêst apparatuer yn beslach naam. Dat wie om healwei achten hinne. De plysje krige klachten oer it lawaai.

Omdat it net de earste kear wie, hat de feroarsaker fan de lûdsoerlêst proses-ferbaal krigen.

(advertinsje)
(advertinsje)