Undersyk: Briedfûgels yn de Waadsee hawwe it dreech

04 mrt 2016 - 09:38

Briedfûgels yn de Waadsee hawwe it dreech. In soad soarten, lykas de strânljip, klút, kobbe en blaustirns, krije folle minder jongen. Dat docht bliken út in langrinnend ûndersyk fan Sovon Vogelonderzoek Nederland en ûndersyksynstitút Imares. Beide organisaasjes sammelje yn gearwurking mei Dútslân en Denemarken sûnt 2005 gegevens oer ferskate karakteristike kustbriedfûgels.

Yn de perioade 2011 oant 2013 diene guon soarten it minder as dêrfoar. Se hiene doe minder jongen.

Dat komt ûnder oare troch oerstreamings troch ekstreem heech wetter, krekt yn it briedseizoen. Ek wurde nêsten leechrôve troch benammen foksen en ratten. Ek te min fretten kin in rol spylje. Sa hat de strânljip lêst hân fan it intinsyf fiskjen op skulpdieren yn de jierren njoggentich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)